Berchbeklimmers hast teplak

29 jan 2003 - 00:00

De sân berchbeklimmers fan Skylge binne tichtby de top fan de Aconcagua yn Argentinië. De top fan dy heechste berch fan Súd-Amearika is 7.000 meter heech. Op dit stuit sit de ploech op 5.500 meter hichte. As alles goed giet dan ferwachtsje de Skylgers de top tongersdeitejûn te berikken.

As de top berikt wurdt is dat it twadde sukses foar de klimmers fan Skylge. Yn 2000 waard de Kilimanjaro, de heechste berch fan Afrika lytsman makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)