Emmen is Cambuur de baas: 2-1

© Omrop Fryslân
Cambuur ferlear tiisdei de earste wedstriid nei de winterstop mei 2-1 yn Emmen. De earste helte spilen de Ljouwerters min en kamen mei 2-0 achter.
Nei de tee socht Cambuur mear de oanfal en kaam werom op 2-1 fia in troch Jan Bruin ynsketten penalty. Letter miste dyselde Bruin in twadde strafskop. Doe't yn de 82ste minút Durmusoglu in reade kaart krige, wie it dien mei de Ljouwerters.