Frachtwein fernielt gevel V&D

28 jan 2003 - 00:00

In frachtwein mei feestferljochting hat tiisdei in stik muorre út de gevel fan de Ljouwerter V&D riden. Under de kuierdersbrêge tusken de V&D en it winkelsintrum Zaailand hingje triedden om foar te kommen dat in te hege frachtwein tsjin de brêge rydt. Dêr bleau de frachtwein lykwols achter heakjen.

Trije kante meter fan de gevel kaam del op in buske fan in boubedriuw. Der rekken gelokkich gjin minsken ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)