Borst en Grimbergen tredde plak

28 jan 2003 - 00:00

Ruud Borst fan Sint Nyk is moandei tredde wurden op in maraton oer 40 kilometer op de Weissensee yn Eastenryk. Borst moast yn in massaspurt Jan Maarten Heideman en Roel van Hest foargean litte.

By de froulju einige Petra Grimbergen fan it Hearrenfean ek op it tredde plak. Daniëlle Bekkering en Miranda van der Haring waard earste en twadde. Alle wedstrydpreemjes fan de reedriders waarden donearre oan de CliniClowns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)