Gjin kassaasje yn saak CMG

© Omrop Fryslân
It CNV giet net yn kassaasje tsjin de ûntslaggen by it bedriuw CMG yn Ljouwert. Neffens in wurdfierder fan it fakbûn sille de ûntsleine wurknimmers dochs har baan net weromkrije.
Fierders spilet mei dat de stifting fan de arbeid him no oer de saak bûcht. Dat liedt mooglik ta in advys om de regels foar bedriuwen as CMG te feroarjen. Oer de ûntslaggen ûntstie yn novimber in soad opskuor. CMG behannele syn wurknimmers as útsendkrêften.