Spektakel yn Harnzer haven

© Omrop Fryslân
Der moast in kraan oan te pas komme om fjouwer saneamde modulen yn Harns op in ponton te krijen. In bedriuw út Feanwâlden hat in heal jier boud oan de 13 meter hege units fan 50.000 kilo. Se binne foar in Japansk bedriuw yn Nederlân dat aramide-fezels makket.
De triedden binne sterker as stiel en wurde brûkt foar kûgelfrije festen en pantsere weinen. As it waar it talit wurdt it ponton nei Delfsyl fearn. It transport duorret 36 oeren.