Plan om wrak út wetter te krijen

© Omrop Fryslân
De eigner fan it wrak fan it skip Assi Eurolink moat foar tiisdei 12.00 oere in plan ha oer hoe't it skip boppe wetter helle wurde moat. It skip fergie sneon op de Noardsee nei in oanfarring mei in oar frachtskip.
Der lekt wat oalje út it skip fan rederij Wagenborg út Delfysl. Neffens Rykswettersteat foarmet de oalje gjin bedriging foar it strân fan Skylge.