Van der Veen prolongearret titel

© Omrop Fryslân
Bertjan van der Veen fan De Jouwer is earste wurden by de iepen Eastenrykse titel maratonreedriden. De Fries prolongearret dêrmei syn titel. Op de Weissensee ûntsnapte er snein yn de finale fan de wedstriid oer 80 kilometer út in kopgroep fan fiif man. Hy ried allinne nei de finish. Martijn Kromkamp út Wolvegea waard twad.
By de froulju wie Mischa Coolen de rapste. Neeke Smit fan Skylge waard tred.