Bakkers yn aksje foar goed doel

26 jan 2003 - 00:00

Mei in Fryske sûkeladecake hoopje bakkers jild yn te sammeljen foar in Ronald McDonaldhûs. Dat hûs dêr't âlden mei sike bern útfanhúzje kinne, wurdt yn maart 2004 yn Ljouwert iepene.

De aksje fan de bakkers begjint 3 febrewaris. No al is fiiftûzen euro binnen om't de cake al in skoft yn de foarferkeap is. Mear as hûndert Fryske bakkers dogge mei oan de ynsammelaksje. Fan elke ferkochte cake is 45 eurosinten foar it goede doel ornearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)