Keninklike besite foar Ljouwert
Willem-Alexander en Máxima komme moandei nei Ljouwert. It pear nimt it earste boek fan de argyfynventaris yn ûntfangst. Dêryn is in samling dokuminten fan goed 60 meter beskreaun.
It pear iepenet ek de útstalling oer de Fryske Nassau's yn it Frysk Museum en it Princessehof. De Nassau's steane oan de oarsprong fan it keningshûs. Fan Wilhelmina is in Frysk kostúm te sjen. It ferhaal giet dat se der net fan hâlde om it kostúm oan te dwaan.