Berneboekesjuery oer Kameleon

26 jan 2003 - 00:00

Learlingen út de midden- en boppebou fan de basisskoallen yn Fryslân kinne meidwaan oan de Berneboekesjuery. Ut de acht Kameleon-titels dy't yn it Frysk ferskynd binne, sykje de bern de moaiste út.

Skoallen ha yn jannewaris lesmateriaal krigen. Dêrmei kin it lêzen, harkjen en beoardieljen fan Fryske berneboeken befoardere wurde. It boek dat de measte punten krigen hat wurdt 18 juny bekend makke yn it Kameleondoarp yn Terherne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)