Garnalefiskers ynvestearje dochs

© Omrop Fryslân
Foar de garnalefiskers binne it ûnsekere tiden. Dochs glied der sneon by skipswerf Van der Werf en Visser yn Jirnsum in nije kotter it wetter yn. Garnalefisker Groenia seach noch wol ljocht yn de miljoene-ynvestearring nettsjinsteande de bekeuringen dy't de NMa dizze wike útdielde oan de fiskers foar yllegale priisôfspraken.
Neffens de skipswerf is de garnalefloat bot ferâldere. De skipsbou wol dêrom ek graach dat de NMA de boetes ynlûkt.