Fjochtpartij rint út 'e hân

© Omrop Fryslân
In fjochtpartij op it Ruterskertier yn Ljouwert is freed út 'e hân rûn. In portier fan in brún kafee soe in 14-jierrige klant de kroech útsette, om't er spul hie mei in oare klant. Dêrby ûntstie in fjochtpartij tusken de jonge en de portier. De portier krige in brutsen bierglês yn it gesicht drukt.
Sa'n 20 omstanders bemuoiden har mei de saak doe't twa plysjes de jonge oppakke woene. De plysje hat pepperspray brûkt.