Museumpark op Oranjewâld

© Omrop Fryslân
Op lânguod Oranjewâld by It Hearrenfean wurdt in nij museumpark realisearre. Yn it park komt in museum mei keunst út de tweintichste ieu, mei wurken fan Fryske keunstners.
It idee foar sa'n museum komt fan de Feanster samler en galeryhâlder Thom Mercuur. Hy hat likernôch fiifhûndert skilderijen fan Fryske keunstners yn besit. Dêr sitte ek wurken fan Bregman en Benner by. It nije museum kostet 3 miljoen euro en moat yn 2004 klear wêze.