Koart nijs

© Omrop Fryslân
Op it stasjon fan Snits is freed in Boalserter jonge bestellen. In man frege him om it wikseljild fan de sigarette-automaat. Doe't de jonge dat net jaan woe, luts de man in mes. De jonge doarde doe net mear te wegerjen. De man is letter oanholden.
Menameradiel kontrolearret net systematysk op yllegale bousels. Dat fynt it ministearje fan Romtelike oardering. Ek is it grutste part fan de bestimmingsplannen ferâldere.