Lee nei DOVO

© Omrop Fryslân
Henny Lee hat in nije baan. Hy is mei yngong fan it nije seizoen trener fan fuotbalclub DOVO fan Veenendaal. DOVO spilet op dit stuit yn de haadklasse op sneon.
De 40-jierrige Lee is no technysk manager en assistint-trener by Cambuur. Dit is syn tredde seizoen by de Ljouwerts. Lee hearde in pear wike lyn dat er by Cambuur wei moat fanwege besunigings.