Jobbegea yn aksje tsjin drugs

24 jan 2003 - 00:00

It doarp Jobbegea komt yn aksje tsjin it drugsgebrûk by de jongerein yn it doarp. Buertsintrum De Stoater, plysje, tsjerke en in pear ûngerêste âlden wolle troch foarljochting de jongerein wize op de risiko's fan drugs.

It gebrûk fan drugs yn Jobbegea soe grutter wêze as tocht wurdt. Benammen by it parkearterrein fan de Tredde Slûs wurdt drugs brûkt en ferhannele. Foarljochtingsgearkomsten moat fierdere eskalaasje foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)