Klacht tsjin útspraak Ratelband

© Omrop Fryslân
It Antidiscriminatiebureau Fryslân tsjinnet in oanklacht yn tsjin Emile Ratelband. By in gearkomste mei 300 studinten fan de NHL yn Ljouwert soe Ratelband misledigjende útspraken dien hawwe oer Turken.
Ratelband soe sein hawwe dat "Turkse randgroepjongeren tuig van de richel zijn en dat je ze eigenlijk moet doodschoppen." Ratelband ûntkent dat sein te hawwen, mar ferskate harkers befêstigje it.