Speedboaten yn Frijheidswyk

© Omrop Fryslân
Speedboaten yn de Ljouwerter Frijheidswyk. Dy takomst sketste de gemeente op de beurs Huis 2003 yn it FEC. Ljouwert hat grutte plannen foar de achterstânswyk. Wenningboubedriuw Nieuw Wonen Friesland sil dêr 240 wenten bouwe. De útwreiding kriget de namme 'Eeburg'.
De wenten moatte fariaasje bringe yn 'e wyk. Der komt in soartemint fan binnenhaventsje en in soad wetter en grien.