Tineke Huizinga rêdt it wer op

23 jan 2003 - 00:00

De kâns is grut dat Tineke Huizinga dochs wer yn 'e Twadde Keamer komt foar de ChristenUnie. Neffens in ûndersyk fan it Reformatorisch Dagblad soe Huizinga 18.000 foarkarstimmen krigen hawwe. Se hat 16.000 foarkarstimmen nedich foar in sit yn 'e keamer.

Ferline jier wie Huizinga - as heechste frou op 'e list - al goed foar 19.187 foarkarstimmen. De foarkarstimmen kostje âld-RPF-lieder Van Dijke syn sit yn 'e Twadde Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)