Skylge ûndúdlik oer gemeentehûs

23 jan 2003 - 00:00

De gemeente Skylge hat de bewenners te min op de hichte hâlden oer de nijbou fan it gemeentehûs. Dat is de útkomst fan in enkête fan 'e gemeente ûnder de bewenners.

2000 Eilanners setten in protesthanteken om't se tochten dat it âlde gemeentehûs ôfbutsen wurde soe. Dat is lykwols net it gefal. Ek bestiet by in soad minsken ûndúdlikens oer de nijbou. De gemeente besjocht no hoe't it better kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)