Tips oer brutale berôving

© Omrop Fryslân
De plysje hat fiif tips krige nei oanlieding fan it opspoaringsprogramma Plysjepost op Omrop Fryslân televyzje. Se giene allegearre oer de oerfal op in ynwenster fan Drylts (72), Krystnacht 2002.
De frou waard yn har eigen hûs mishannele, fêstbûn en fan pinpas mei koade berôve. De plysje wol neat sizze oer de aard fan de tips, mar seit wol dat se brûkber binne en neier ûndersocht wurde.