Arrivabrân troch kofje-automaat

23 jan 2003 - 00:00

De grutte brân by busferierfer Arriva op It Hearrenfean is ûntstien troch in kofjesetapparaat. Dat hat de plysje bekendmakke. De automaat stie yn ien fan de touringbus ornearre foar de langere reizen.

Koart nei't de sjauffeur de bus yn 'e loads delset hie, ûntstie de koartsluting. By de brân giene fiif bussen ferlern. Dat is in grutte strop foar Arriva.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)