SP en LPF: kâns op steatesit

23 jan 2003 - 00:00

Op basis fan 'e útslach fan woansdei soene de SP en de LPF foar it earst yn 'e Fryske steaten komme mei 3 en 2 sitten. Grien Links soe slim ferlieze en mar 2 fan 'e 5 sitten hâlde. Ek de VVD en de Christenunie soene 1 oant 2 sitten ynleverje moatte.

De kâns is grut dat it CDA de grutste partij bliuwt mei 18 oant 19 sitten. De PvdA stiet op winst en kin der 2 oant 4 sitten bywinne. De FNP soe der 1 oant 2 sitten bywinne kinne, D66 hâldt 1 sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)