Aksje tsjin drugsoerlêst

© Omrop Fryslân
Tweintich plysjes ha woansdei in grutte aksje hâlden tsjin drugsoerlêst op it Mercuriusplein yn Ljouwert. Dat barde nei oanlieding fan klachten fan omwenners en winkeljend publyk.
Mei-elkoar binne fjouwer dealers fan harddrugs oanhâlden en njoggen brûkers. De dealers binne fan Nederlânske en Afrikaanske ôfkomst en tusken de 18 en 37 jier. Se sitte fêst. De brûkers binne nei ferhoar wer frijlitten. De brûkers hiene de drugs daliks brûkt.