Digitaal stimadvys is populêr
In rekord tal besikers hat in digitaal stimadvys helle op de webside fan de stimwizer. Goed twa miljoen minsken besochten de side op it ynternet. Der soenen noch tal fan besikers by komme op de dei fan de ferkiezings, sa wie de ferwachting.
Op de dei fan de ferkiezing sels wie it sa drok dat per oere 20.000 advizen jûn waarden. De besikers moatte op tritich stellingen antwurd jaan en dêrnei jout de kompjûter in stimadvys.