Dûbele stimkaarten yn Wurdum

22 jan 2003 - 00:00

Op it stimburo fan Wurdum wienen problemen. Sa'n tachtich ynwenners hienen gjin stimbiljet krigen en in duplikaat oanfrege. Dat duplikaat ha se krigen, mar letter krigen se likegoed ek noch it orizjinele stimbiljet.

De twa stimbiljetten soargen foar ûndúdlikens. Inkeld mei it duplikaat mei en kin stimd wurde. Guon woenen mei de orizjinele stimkaart har stim útbringe en dat kin dus net. Se moasten weromkomme mei it duplikaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)