Stimme en kollektearje

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert kinne de minsken woansdei stimme en tagelyk jild jaan oan hongerend Afrika. De aksje is in inisjatyf fan CU-Twadde-Keamerlid André Rouvoet.
By alle 34 stimlokalen fan de gemeente Ljouwert steane kollektebussen. Net yn it stimlokaal, want de wet stiet net ta dat dêr wat oars dien wurdt as stimmen. Dêrom steane de kollektebussen by de doar, bûten it lokaal.