Heibel yn top Fryslân Kolleezje

21 jan 2003 - 00:00

It rommelet yn 'e top fan skoalle It Fryslân Kolleezje mei festigings yn Ljouwert en op It Hearrenfean. Trije liedingjaanden binne opstapt om't it kolleezje fan bestjoer net goed mei it personiel omgean soe. Foar fyftich meiwurkers soe dat ek in reden west hawwe om fuort te gean.

Om ta in oplossing te kommen moat it kolleezje fan bestjoer fernijd wurde, fine de trije leden. De skoalle is al jierrenlang oan it reorganisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)