Gjin ûnderwiisachterstânsbelied

© Omrop Fryslân
Nijefurd rint mooglik tsientûzenen euro's mis om't de gemeente gjin ûnderwiisachterstânsbelied hat. De FNP-fraksje hat oan it kolleezje om útlis frege.
De Frysk Nasjonale Partij fynt dat útsocht wurde moat oft der yn de gemeente achterstannen binne op it mêd fan ûnderwiis. As bliken docht dat dat sa is, kin de gemeente jild oanfreegje by it ryk om dat te ferhelpen.