Spangea nei Amearika

20 jan 2003 - 00:00

Opera Spangea giet yn 2004 de oseaan oer. It selskip wol de opera Buwalski op ferskate plakken yn Amearika en Kanada opfiere. In pear foarstellings binne al fêstlein.

Neffens artistyk lieder Corina van Eyck is de Spangeaster ambysje net nuver. Komponist en skriuwer fan de opera binne Amerikanen. Koartlyn hat it ryk in subsydzje tasein fan 218.000 euro. De earste foarstellings fan it nije stik sille fansels yn Spangea plakfine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)