Blokkade haven Lauwerseach

20 jan 2003 - 00:00

Tritich garnalefiskers wolle tiisdei de haven fan Lauwerseach blokkearje. Sy wolle sa omtinken freegje foar de problemen dy't se hawwe.

De fiskers binne benaud de dupe te wurden fan in boete dy't garnalehannelers krigen ha foar priisôfspraken. De fiskers tinke dat sy foar de boete opdraaie, trochdat se in legere priis krije foar har fangst. Boppedat meie se yn in part fan it Waad aansen net mear fiskje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)