Op ekskurzje nei jiskebult

© Omrop Fryslân
Bern fan it Piter Jelles junior yn Ljouwert ha moandei op ekskurzje west nei de ôffalferwurking yn Aldehaske. It reiske wie oanbean troch de gemeente Ljouwert, as beleanning foar it skjinhâlden fan de omkriten by skoalle.
Om beurten moatte de bern fan it Piter Jelles de boskjes en de stoepen by skoalle skjinhâlde. Dat dogge se sa goed dat de gemeente it in priis wurdich fûn. Gjin jild, mar in edukatyf tripke.