Sintrum Drachten moat oanpakt

© Omrop Fryslân
Te min grien, te min ferskaat oan winkels, tefolle leechstân, de strjitten lizze der min yn, ûngesellich en net om oan te sjen. Dat binne inkele fan de mienings dy't de gemeente Smellingerlân ynsammele hat oer it sintrum fan Drachten.
De gemeente wol it sintrum fan Drachten oanpakke. Dêrfoar is earst in ûndersyk dien ûnder gemeentemeiwurkers en pleatslike pommeranten nei har miening oer it sintrum fan Drachten.