Mei it bêd yn de frachtwein

© Omrop Fryslân
Durjan Krist fan De Tynje hat freed in bysûnder ritsje makke. Mei bêd en al waard er troch in frachtwein ferfierd, fan it sikehûs yn Hearrenfean nei hûs ta.
It jonkje hat in brutsen boppeskonk. In stellaazje soarget er foar dat syn bonke wer oangroeie kin, mar dy stellaazje is sa grut dat er net yn in auto of ambulânse past. De fjouwerjierrige Durjan moat noch trije wike yn de stellaazje lizzen bliuwe.