Wurkleazens stiicht

© Omrop Fryslân
De wurkleazens yn it Noarden is yn 2002 stiigd, mar minder hurd as lanlik. It tal minsken sûnder wurk is mei goed tolve prosint tanommen, lanlik lei dat op sa'n fyftjin persint.
Yn it Noarden steane no 74.000 minsken ynskreaun as wurksykjend. In jier lyn wiene dat noch 66.000. Ljouwert hat in heger persintaazje wurkleazen as it provinsjale gemiddelde. Sa'n fjirtjin prosint fan de Ljouwerters hat gjin baan.