Foksefanger frijsprutsen

16 jan 2003 - 00:00

De falle dy't Oege Jacobi út Sigerswâld ferline jier sette om in foks te fangen wie net yllegaal. De plysjerjochter yn Ljouwert spruts Jacobi tongersdei frij. Yn it proses-ferbaal stie de falle as kastval' omskreaun. Dy is net ferbean.

It liket derop dat de rjochter begryp hie foar de fûgelleafhawwer Jacobi en de problematyk mei de foksen yn Fryslân en dêrom nei in technysk-juridysk argumint socht om Jacobi frij te sprekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)