Buorrerûzje rint út de hân

16 jan 2003 - 00:00

In buorrerûzje yn de Ljouwerter wyk Valeriuskwartier is woansdei út de hân rûn. Al oardel jier terrorisearret in frou fan 37 jier de buert mei agressyf gedrach. De buert wol dat de frou ferhuzet. De plysje hat de frou nei de rûzje oppakt.

It buertkomitee hat no in gearkomste yn it wykgebou belein foar de hiele buert. Ek hat der tongersdei oerlis oer de situaasje west tusken it buertkomitee en wethâlder Waanders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)