Gjin risiko by ferwurking bse

16 jan 2003 - 00:00

As destruksjebedriuw Rendac BSE-besmette bisten ferwurket, hat dat gjin negative gefolgen foar de sûnens fan de omwenjenden fan it fabryk yn Sumar. Sa konkludearret it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieuhygiëne, it RIVM.

Inkelde tsientallen omwenjenden fan Rendac krigen woansdei in taljochting fan it RIVM. De provinsje en de ministearjes fan folkssûnens en lânbou hawwe opdracht jûn foar in ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)