Twa mln. foar doarpsfernijing

© Omrop Fryslân
De provinsje makket dit jier twa miljoen euro frij foar steds- en doarpsfernijing. Dêrby is der spesjaal omtinken foar wensoarchfoarsjennings. Dat binne wenlokaasjes dêr't minsken wenje bliuwe kinne as se soarch nedich hawwe.
In kwart fan it jild dat no beskikber komt, moat oan sokke wensoarchprojekten bestege wurde. Dat is in heal miljoen euro. Alle Fryske gemeenten wurde útnoege om plannen yn te tsjinjen.