Striid om pealtsjes promenade

© Omrop Fryslân
De diskusje oer it ôfsluten fan de waadpromenade yn Harns lôget op 'e nij op. Earder protestearren de skippers fan de brune sylfloat al tsjin de betonblokken dy't de gemeente dêr dellein hie. No hat de eigner fan it Sineeske restaurant dêr in koart pleit oanspand. Dat tsjinnet moandei.
De restauranteigner wol tastimming foar it laden en lossen fan syn auto. Dêrfoar moatte der in pear pealtsjes fuort.