Warkum wint ronde Midwintercup

16 jan 2003 - 00:00

De earste ronde fan de sechtjinde edysje fan de Midwintercup yn it sealfuotbal is woansdeitejûn spile yn it FEC yn Ljouwert. Oant en mei sneon stride 149 manljusteams en 56 frouljusteams om de Fryske titel. Woansdei waarden de earste sân poules ôfwurke.

Warkum kaam as grutte winner út de striid. Sawol de Warkumer seal- as de fjildfuotballers hellen de twadde ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)