Acht bands op Lytske Aaipop

© Omrop Fryslân
Acht artysten steane op it program fan Lytske Aaipop. It muzykfestival foar begjinnende Fryske bands fan de Stichting Aaipop is sneon 25 jannewaris yn Nijlân. Mar ien kear earder yn de skiednis fan it barren hienen mear bands belangstelling om op te treden.
Dêrom is it poadium ferhuze nei De Mande yn it doarp. Dêr wurdt tradisjoneel op Twadde Peaskedei it Aaipop festival hâlden. De winner fan Lytske Aaipop mei dêr ek spylje.