Oarlochsmonumint by Spears

15 jan 2003 - 00:00

Boarnsterhim set de plannen fan in monumint yn Spears by Sibrandabuorren gewoan troch. Yn 1942 stoarte dêr in Ingelske bommewerper del. De bemanning kaam om it libben. It is lykwols net dúdlik oft dat by de crash barde of at se letter troch de Dútsers om it libben brocht binne.

Wethâlder Jonkers fan Boarnsterhim fynt dy diskusje net fan belang, mar achtet it wichtich dat der in monumint komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)