Gefaar fiskôfslach Lauwerseach

© Omrop Fryslân
De boete fan 13,8 miljoen euro dy't de garnalesektor yn ús lân betelje moat fanwege priisôfspraken, soe it fuortbestean fan de fiskôfslach yn Lauwerseach yn gefaar bringe kinne.
Neffens de Mededingings Autoriteit hat de garnalebransj priisôfspraken makke wylst dat ferbean is. De haven fan Lauwerseach hellet syn jieromset foar de helte út de garnalen. De oanfier dêrfan nimt ôf en mei dizze boete soene de prizen ek noch sakje kinne.