Soad fragen oer needfûns MKZ

15 jan 2003 - 00:00

De provinsje ferwachtet dat in pear hûndert bedriuwen en ynstellings oanspraak meitsje op skeafergoeding út it nije MKZ Needfûns Fryslân. Der is 6,3 miljoen euro beskikber om bedriuwen mei yndirekte skea te helpen.

Tiisdei wie yn Dokkum in ynformaasjejûn oer it needfûns. Dúdlik waard dat der noch in protte fragen binne oer de prosedueres om foar fergoeding yn oanmerking te kommen. Dat kin allinnich as der goede bewizen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)