'Twadde dyk nei Kommiezebosk'

© Omrop Fryslân
Foar it bedriuwepark Kommiezebosk yn Surhústerfean moat in twadde ûntslutingsdyk komme. Dat wol Pleatslik Belang om't der oars tefolle ferkear oer de Grinzerstrjitwei moat.
De provinsje hat de gemeente Achtkarspelen al witte litten dat der romte wêze moat foar in twadde dyk. Dy wei is nedich as der bedriuwen op it park komme dy't in soad frachtferkear hawwe. De gemeente is lêsten begûn mei de oanlis fan it bedriuweterrein.