Dongwinprojekt stiet faai

14 jan 2003 - 00:00

It Tsjommer projekt om enerzjy te winnen út dong stiet faai. De organisaasje krijt 230.000 euro minder subsydzje as op rekkene wie. It hiele projekt kostet twa miljoen euro. Der is noch wol hoop op in subsydzje fan it Samenwerkingsverband Noord- Nederland (SNN). Boppedat moatte de dielnimmers 40.000 euro ekstra bybetelje. As dat slagget, kin it proefprojekt mooglik dochs noch begjin febrewaris fan start.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)