Rêdingsorganisaasjes net byinoar

© Omrop Fryslân
Plysje, brânwacht, ambulânsetsjinst en de meldkeamer yn Ljouwert komme net ûnder ien dak. De plannen foar ien grutte feiligensorganisaasje binne op neat útrûn. Boargemaster De Boer makke dat bekend. De gemeente moat no jild stekke yn 'e âlde brânwachtkazerne oan de Aldlânsdyk. Dêr is de lêste jierren neat oan dien, omdat de ferwachting wie dat se by elkoar ûnderbrocht wurde soene op in oar plak.