Unrêst oer stjoermêst bliuwt

14 jan 2003 - 00:00

In GGD-ûndersyk hat de ûnrêst by omwenners oer de stjoermêst by Spannenburch net weinimme kinnen. De sûnenstsjinst komt ta de konklúzje dat de straling fier ûnder de noarm leit. Der soene gjin skealike gefolgen foar de folkssûnens wêze.

Omwenners sizze dat net genôch sjoen is nei de relaasje tusken it tal stjergefallen en de straling. De gemeente Skarsterlân lit no in nij ûndersyk útfiere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)